It antwurd is B, Froukje Annema. It fragmint komt út it boek Maleur yn Maaie (Drachten / Ljouwert, Friese Pers Boekerij bv, 1990, side 93). Froukje Annema (1941-1998) wist mei har boeken in soad lêzers te berikken. Yn har karriêre as skriuwster ûntjoech hja har ta in alsidich auteur, dy’t nêst romans en toaniel ek sjoernalistike bydragen skreau. Har meast ferneamde boek is de roman Sûnder garânsje (1992) oer in frou by wa’t boarstkanker fêststeld wurdt.
Mear oer har op www.tresoar.nl > Fryske skriuwers > Fryske skriuwers > Annema, Froukje
zaterdag 23 januari 2010
zaterdag 2 januari 2010
Antwurd Taalbaas Stavering
It goede antwurd is B.
lokkich nijjier
Yn antwurd A stiet nei en dat is yn it Hollânsk na of naar, mar der wurdt nieuw bedoeld en dat is yn it Frysk nij. De útspraak fan ei is ek oars; dy leit tichter by ai. Dêrom kinne allinnich B of C goed wêze. Om’t nij in j oan ’e ein hat en jier mei in j begjint, krije wy yn nijjier twa j’s efterinoar. Hoewol’t it yn de útspraak net te hearren is, moatte dy twa j’s al skreaun wurde.

zaterdag 19 december 2009
Taalbaas Stavering Antwurd
It goede antwurd is B. ferzen
Fersen is it meartal fan fers (gedicht, sang) en hat neat te krijen mei it tiidwurd frieze. It mulwurd (voltooid deelwoord) fan frieze is ferzen, útsprutsen mei in lang ê-lûd. Der wurdt lykwols gjin kapke op de earste e set. Dat is in útsûndering dy’t ek jildt foar gers en bern; dy krije ek gjin kapke, hoewol’t se mei in lange ê útsprutsen wurde.
Werom nei Taalbaas

zaterdag 12 december 2009
Antwurd Taalbaas Stavering
It goede antwurd is C. advysburo
Neffens de útspraak soenen wy dit wurd skriuwe lykas ûnder A. Mar it wurd komt fan it Latynske advisus en wurdt, neffens de regeling foar frjemde wurden yn it Frysk, stavere mei d en v. De mooglikheden mei d en f (B.) of t en v (as fjirde mooglikheid) binne fariaasjes dy’t betizing jouwe en sille dêrom net advisearre wurde.

zaterdag 5 december 2009
Antwurd Taalbaas Nammekunde
It goede antwurd is A, mar B soe ek wier wêze kinne.
Sint hat neat te krijen mei Sinteklaas. Sint is in Fryske manljusnamme en komt fan de oarspronklik Germaanske namme Sindbald, dy’t út twa parten bestiet. It earste sind betsjut it gean of de reis (ferl. Nederlânsk ‘gezin’ fan gisind dat begelieder, reisselskip betsjut), it twadde bald betsjut dapper, moedich (ferl. Nederlânsk ‘boud’).
Sindbald sil de meast yn de reden lizzende ferklearring wêze foar de Fryske namme Sint, mar it is mooglik dat Sint in ferkoarting fan de namme Vincent is. Dy namme is benammen yn roomske streken populêr troch ferskate hilligen mei de namme Vincentius. De namme Vincent betsjut “de oerwinnende”: fan it Latynske tiidwurd vincere. Antwurd B kin dus ek goed wêze.
NB: It kin ek foarkomme dat oarsom de Fryske namme Sint omneamd is ta Vincent.
Werom nei taalbaas