It goede antwurd is B. ferzen
Fersen is it meartal fan fers (gedicht, sang) en hat neat te krijen mei it tiidwurd frieze. It mulwurd (voltooid deelwoord) fan frieze is ferzen, útsprutsen mei in lang ê-lûd. Der wurdt lykwols gjin kapke op de earste e set. Dat is in útsûndering dy’t ek jildt foar gers en bern; dy krije ek gjin kapke, hoewol’t se mei in lange ê útsprutsen wurde.
Werom nei Taalbaas