zaterdag 19 september 2009

Antwurd nammekunde

It goede antwurd is B

Yn it begjin fan de skriftlike boarnen waard Warns Werlenze neamd of Warlinze of Warlins. De hjoeddeiske foarm Warns komt op nei 1450. Tusken 1450 en 1600 komme beide foarmen foar: Warns en de foarmen op –lenze, -linze of –lens. Der besteane troch dy beide oerlevere foarmen ferskillende ferklearrings. By de foarm op –lenze, ensfh. wurdt tocht oan in foarm op –loo dat boskje betsjut. Mar hiel wierskynlik is dat net: nei alle gedachten is it in gewoane namme op –ns is, ôflaat fan it Aldfryske -ingi. De ferklearring fan de namme is dan: “Ward” yn de betsjutting fan hoeder, beskermer en Aldfrysk -ingi, dat folk fan ... betjut. Warns betsjut dan folk fan Ward. De foarmen op –lenze wurde dan ferklearre út it feit, dat se it yn dy tiid lestich fûnen hoe oft se de –ns foarm staverje moasten.

Werom nei taalbaas

zaterdag 12 september 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is C. (figuer)

Antwurd A. It giet hjir om in saneamd ôfgeand twalûd ue (in heldere u dy’t oergiet yn in stomme e lykas yn put of de) en dat wurdt yn it Frysk stavere mei ue, lykas yn kuer en ûnhuer. Figuur is ferkeard, want de kombinaasje uu komt yn de Fryske stavering net foar. En figúr is ferkeard, omdat it twalûd ue nea mei ú skreaun wurdt.

Werom nei Taalbaas

zaterdag 5 september 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B.
(skieppewol)

As de wurden skiep en wol ta ien wurd foarme wurde, feroaret de útspraak fan it earste part. De útspraak fan ie feroaret dan yn ji (saneamde brekking). Dat wurdt net oanjûn mei ji, mar troch dûbel-p te skriuwen.

Werom nei taalbaas