dinsdag 28 april 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B.: eksamen
De letter x, útsprutsen as [ks], wurdt yn it Frysk skreaun as ks. Wat dat oangiet slút de stavering fan frjemde wurden hjir oan by de útspraak.
De letter u wurdt wol brûkt yn bygelyks bus of put, mar it u-lûd yn in wurdlid (lettergreep) dat net de klam hat, wurdt stavere mei de letter e.

Werom nei Taalbaas