zaterdag 22 augustus 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is C. (healjier)

It wurd dêr’t de helte fan in jier mei oantsjut wurdt, bestiet út heal (Holl. half) en jier (Holl. jaar). Yn de gearstalling giet de útspraak fan in ôfgeand twalûd ea oer yn in opgeand twalûd (). Dy feroaring wurdt brekking neamd. Om’t heal yn it Frysk in besteande foarm is, wurdt yn de stavering fan de gearstalling de brekking net oanjûn (bliuwt dus ea). De j moat wol skreaun wurde, hoewol’t dy net útsprutsen wurdt (yn jier meastentiids ek al net mear).

zaterdag 15 augustus 2009

Antwurd Taalbaas Piter

It goede antwurd is C.
De namme Piter komt fan de apostel Petrus, ien fan de apostels fan Jezus. Petrus syn oarspronklike namme wie Simon. Hy krige fan Jezus as bynamme Petrus. Dy namme komt fan it Grykske ‘petra’ dat stien en rots betsjut en de bybetsjutting hat fan betrouberheid. Dy bynamme hie faaks te krijen mei syn oarspronklike namme Kefas: fan it Arameeske ‘kefa’ dat ek stien betsjut.
Jezus koe dy Arameeske bynamme miskien, om’t se beide út Galileä kamen, dêr’t destiids Arameesk sprutsen waard. Arameesk wie doe de taal fan in grut part fan it Heine Easten. Hjoed de dei wurdt it Arameesk allinne noch sprutsen yn inkelde doarpen yn Syrje en Súd- Turkije.
De Fryske foarnammen Pier en Pyt binne ferkoarte foarmen fan Piter. Nammen as Pytrik, Pytsje, Pierkje binne famkesnammen dy’t fan Piter ôflaat binne.

Boarne: J. van der Schaar, Woordenboek van Voornamen

Werom nei Taalbaas

dinsdag 11 augustus 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B.
(weitôgje)

By tiidwurden komt foar de je-útgong altyd in stimhawwende klank, yn dit gefal stavere mei in g en net in ch (dy’t de stimleaze útspraak oanjout). Tink ek mar oan seagje. As it o-lûd fan hok lang útsprutsen wurdt, kriget de o in kapke. De oa jout in twalûd oan en dat is hjir net goed.

Klik hjir om werom te gean nei Taalbaas