zaterdag 27 juni 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is C. (froulju)
By de meartalsfoarming fan man plakke wy lju (Hollânsk lieden of lui) der oan fêst. Sa kin dat ek by it wurd frou. Dat de wurden manlju en froulju yn de útspraak hieltyd mear opinoar begjinne te lykjen, wurdt yn de stavering net oanjûn.
Om it meartal te meitsjen fan b.g. buorman, ealman of seeman, wurdt man ferfongen troch lju: dus buorlju, eallju en seelju.

Werom nei Taalbaas

zaterdag 20 juni 2009

Antwurd Taalbaas Akkrum

It goede antwurd is B. It earste part fan de namme Akkrum giet wierskynlik werom op it Aldfryske ‘ake’ dat fiskdaam betsjut. It lêste part is dan in Aldfryske meartalsútgong fan de tredde namfal op –en of -um. Yn de lette midsieuwen komt sawol de namme Ackrom as Ackeren foar, dy’t wize op in tredde namfal. Dêrfandinne de oarspronklike betsjutting: ‘by de fiskdammen’. De wetternamme Ake komt yn Fryslân mear foar. Akkrum is sa te sjen net in -um namme, sa’t der yn Fryslân folle mear binne. Yn sokke nammen is -um ôflaat fan it Germaanske ‘heem’, dat de betsjutting hat fan ‘gebiet’, yn ús Frysk oerlevere as hiem. It ferhaal fan de beide manlju of yn de measte gefallen reuzen neamd dy’t “Ah...krom” rôpen is in populêr sechje, mar ek net mear as dat: in aardichheidsje.
Boarne: Karel F. Gildemacher, Friese plaatsnamen.

Werom nei Taalbaas

zaterdag 6 juni 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is A. (fervedoaze)
Middenyn in wurd, oan it begjin fan in nij wurdlid (lettergreep) komme de v (ferve) en de z (doaze) wol yn de Fryske stavering foar.
Oan it wurdbegjin past yndie allinnich de f.

Werom nei Taalbaas