zaterdag 30 mei 2009

Antwurd Taalbaas Harns

It goede antwurd is C. De stêd Harns wurdt yn 1128 foar it earst neamd as Herlinge. Yn de rin fan de 14de ieu komme der yn de boarnen al ferskillende Nederlânske en Fryske foarmen njonken inoar foar: Nederlânsk Harlinghen (1317) en Frysk Herlingze (1340). Dy lêste foarm ûntjout him yn de 15de ieu fan Herlenze (1426) ta Harns (1455) of Herns (1488). Dêrnei wurdt Harns de algemiene Fryske fariant. Hjoed de dei meast útsprutsen as “Haans”, mar pleatslik ek as “Hains”.
It earste part fan de namme giet wierskynlik werom op de persoansnamme Harilo, it twadde part op it Germaanske –ingi, dat de betsjutting: “delsetting hearrend by” krige. Yn de rin fan de tiid slyt –ingi ôf ta –ens. In útgong foar in soad Fryske plaknammen, mar ek yn Grinslân en East-Fryslân (tink oan Grins, respektivelik Esens). Harns betsjut dan oarspronklik: delsetting fan Harilo.
Boarne: Karel F. Gildemacher, Friese plaatsnamen.

Werom nei Taalbaas

zaterdag 23 mei 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B. (Wy praten)
Oan it wurdsje juster is te sjen dat it hjir giet om in foarm yn de doetiid (verleden tijd). De notiid is: Wy prate (sûnder n, lykas it hiele tiidwurd) en yn ’e doetiid komt dêr (yn it meartal) in n efter. De ferbûgingsregel stam + ten (praat + ten) is net nedich. om’t pra-ten de goede útspraak oanjout en gjin betizing mei de notiid (prate) jout.
Wy praatten (A.) is de skriuwwize yn it Nederlânsk en ek de eardere skriuwwize fan de doetiidsfoarm yn it Frysk. Wy prate (C.) is notiid.


Werom nei Taalbaas