zaterdag 23 mei 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B. (Wy praten)
Oan it wurdsje juster is te sjen dat it hjir giet om in foarm yn de doetiid (verleden tijd). De notiid is: Wy prate (sûnder n, lykas it hiele tiidwurd) en yn ’e doetiid komt dêr (yn it meartal) in n efter. De ferbûgingsregel stam + ten (praat + ten) is net nedich. om’t pra-ten de goede útspraak oanjout en gjin betizing mei de notiid (prate) jout.
Wy praatten (A.) is de skriuwwize yn it Nederlânsk en ek de eardere skriuwwize fan de doetiidsfoarm yn it Frysk. Wy prate (C.) is notiid.


Werom nei Taalbaas