zaterdag 27 februari 2010

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is C. gauwichheid

De útgong -heid (gekheid, aardichheid) wurdt oer it generaal útsprutsen as hyt, mar wurdt altyd mei ei skreaun. Antwurd A ferfalt. Hoewol’t ‘gau’ net op in w einiget, wurdt dy letter hjir wol brûkt foar de útspraak (as ferbiningsletter). Antwurd B ferfalt ek.
Gauwich yn gauwichheid hat, lykas grappich, oan it begjin in (stimhawwende) g (as yn goed), mar oan ’e ein in stimleaze ch (as yn tachtich). As dêr -heid oan fêstplakt wurdt, krije wy dus twa h’s efterinoar.