zaterdag 28 november 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is C. (Sinteklaas)

De lange a wurdt al lang net mear mei ae skreaun. Yn de stavering fan no moat dat mei aa, krekt as yn it Hollânsk. De toanleaze e tusken sint en klaas is in ferbiningsletter. It Hollânsk hat nòch in tuskenletter, de r, mar dy hat it Frysk net. As it om de hillige sels giet wurdt Sinteklaas mei in haadletter skreaun (en oan it begjin fan in sin), mar oars net. Dus antwurd C.

Werom nei Taalbaas

zaterdag 14 november 2009

Taalbaas Nammekunde Dieuwke

It goede antwurd is B. Dieuwke is de froulike foarm fan de namme Dieuwe. Dy namme bestiet út oerbliuwsels fan twa Aldfryske wurden. It earste part is in oerbliuwsel fan Aldfrysk ‘thiad’ dat lykas it eardere Dútske en Nederlânske wurd ‘diet’ út de lette midsieuwen, ‘folk’ betsjutte. Tink oan de wurden ‘duits’ en ‘diets’ dy’t ‘yn de taal fan it folk’ betsjutte. It Ingelske wurd foar Nederlânsk (‘Dutch’) hat dêr mei te krijen. We fine it ek yn it Wilhelmus: ‘van Duitsen bloed’. It twadde part –we is in oerbliuwsel fan ‘war’, oarspronklik ‘werand’, dat de persoan dy’t warret, ferdigenet betsjut. De betsjutting fan de namme Dieuwe is dus ‘warder, beskermer fan it folk’.

Oare froulike foarmen fan Dieuwe binne Djoke, Djoegine, Djoekje, Deuke en Tsjieuke. De manlike foarm Dieuwe komt minder faak foar. Op Skiermûntseach is de namme noch oerlevere as Deeuwe.

Werom nei Taalbaas

zaterdag 7 november 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B: poerbêst

Foar de r is der yn it oe-lûd in knikje te hearren. Dat is in saneamd (ôfgeand) twalûd, útsprutsen as [oe-uh] en dat wurdt stavere mei oe. De oe-klank as ien-lûd kin stavere wurde mei û (u kapke), bygelyks yn hûndert en ú (u mei in streekje) jout it u-lûd oan fan bygelyks tún.