zaterdag 28 november 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is C. (Sinteklaas)

De lange a wurdt al lang net mear mei ae skreaun. Yn de stavering fan no moat dat mei aa, krekt as yn it Hollânsk. De toanleaze e tusken sint en klaas is in ferbiningsletter. It Hollânsk hat nòch in tuskenletter, de r, mar dy hat it Frysk net. As it om de hillige sels giet wurdt Sinteklaas mei in haadletter skreaun (en oan it begjin fan in sin), mar oars net. Dus antwurd C.

Werom nei Taalbaas