zaterdag 14 november 2009

Taalbaas Nammekunde Dieuwke

It goede antwurd is B. Dieuwke is de froulike foarm fan de namme Dieuwe. Dy namme bestiet út oerbliuwsels fan twa Aldfryske wurden. It earste part is in oerbliuwsel fan Aldfrysk ‘thiad’ dat lykas it eardere Dútske en Nederlânske wurd ‘diet’ út de lette midsieuwen, ‘folk’ betsjutte. Tink oan de wurden ‘duits’ en ‘diets’ dy’t ‘yn de taal fan it folk’ betsjutte. It Ingelske wurd foar Nederlânsk (‘Dutch’) hat dêr mei te krijen. We fine it ek yn it Wilhelmus: ‘van Duitsen bloed’. It twadde part –we is in oerbliuwsel fan ‘war’, oarspronklik ‘werand’, dat de persoan dy’t warret, ferdigenet betsjut. De betsjutting fan de namme Dieuwe is dus ‘warder, beskermer fan it folk’.

Oare froulike foarmen fan Dieuwe binne Djoke, Djoegine, Djoekje, Deuke en Tsjieuke. De manlike foarm Dieuwe komt minder faak foar. Op Skiermûntseach is de namme noch oerlevere as Deeuwe.

Werom nei Taalbaas