zaterdag 5 december 2009

Antwurd Taalbaas Nammekunde

It goede antwurd is A, mar B soe ek wier wêze kinne.

Sint hat neat te krijen mei Sinteklaas. Sint is in Fryske manljusnamme en komt fan de oarspronklik Germaanske namme Sindbald, dy’t út twa parten bestiet. It earste sind betsjut it gean of de reis (ferl. Nederlânsk ‘gezin’ fan gisind dat begelieder, reisselskip betsjut), it twadde bald betsjut dapper, moedich (ferl. Nederlânsk ‘boud’).

Sindbald sil de meast yn de reden lizzende ferklearring wêze foar de Fryske namme Sint, mar it is mooglik dat Sint in ferkoarting fan de namme Vincent is. Dy namme is benammen yn roomske streken populêr troch ferskate hilligen mei de namme Vincentius. De namme Vincent betsjut “de oerwinnende”: fan it Latynske tiidwurd vincere. Antwurd B kin dus ek goed wêze.

NB: It kin ek foarkomme dat oarsom de Fryske namme Sint omneamd is ta Vincent.

Werom nei taalbaas