zaterdag 2 januari 2010

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is B.
lokkich nijjier

Yn antwurd A stiet nei en dat is yn it Hollânsk na of naar, mar der wurdt nieuw bedoeld en dat is yn it Frysk nij. De útspraak fan ei is ek oars; dy leit tichter by ai. Dêrom kinne allinnich B of C goed wêze. Om’t nij in j oan ’e ein hat en jier mei in j begjint, krije wy yn nijjier twa j’s efterinoar. Hoewol’t it yn de útspraak net te hearren is, moatte dy twa j’s al skreaun wurde.