It goede antwurd is A en B.
jierren en hierren betsjutte net itselde, mar binne al goed skreaun.
In sterkere foarm fan hjir (mei mear klam) is hjirre, mar hjirren bestiet net. Jierren (A) is it meartal fan jier (Holl. jaar) en dat wurdt krekt-en-gelyk útsprutsen as hierren (B), mar dat is it meartal fan hier (Holl. haar). Dêrom binne sawol A as B goed skreaune wurden, mar mei ferskillende betsjuttings.
Werom nei Taalbaas
zaterdag 21 augustus 2010
zaterdag 3 juli 2010
Taalbaas Stavering Antwurd
It goede antwurd is C. literatuer
It u-lûd (Holl. uu-klank) foar de r is in twalûd en wurdt yn it Frysk stavere mei ue (útspraak: ú-uh). Antwurd B is ek al net goed, om’t yn in iepen wurdlid (open lettergreep) gjin y skreaun wurdt. It Frânsk, dêr’t it wurd oan ûntliend wêze sil, hat littérature, mar dy dûbel-t hat it Frysk net (it Hollânsk nammers ek net). Dêrom antwurd C.

zaterdag 22 mei 2010
Taalbaas literatuer - Antwurd
It antwurd is 3. De nacht fan Belse Madam (1991). It sitaat stiet op side 71 fan dat boek. It nuveraardige fan Van der Velde is dat er him net it measte om it offisium bekroadet, ek net wat de stavering oanbelanget. Dat sjogge wy hjir ek yn it wurd ‘popsûgers’: it Fryske wurd foar de Lonicera periclymenum, oftewol de kamperfoelje. Offisjeel wurdt it wurd mei in ‘a’ skreaun: ‘papsûgers’, mar Van der Velde sil it grif útsprutsen (heard) ha, mei de ‘o’, lykas yn it wurdsje ‘lot’
Werom nei taalbaas
Werom nei taalbaas
zaterdag 1 mei 2010
Antwurd Taalbaas
It goede antwurd is B. ieu
De kombinaasje iu moat altyd mei in w derefter. De fêste kombinaasje iuw hawwe wy b.g. yn skriuw, bliuw, liuw en miuw. Dy lêste wurdsjes meie ek skreaun wurde as lieu en mieu. It meartal dêrfan is dan lieuwen en mieuwen. De w is dêr in tuskenletter. Sa is it ek mei ieu/ieuwen. Itselde jildt foar Sieu/Sieuwen (Holl. Zeeuw/Zeeuwen). Dus dêrom antwurd B.
werom nei Taalbaas

zaterdag 17 april 2010
Taalbaas Stavering Antwurd
It goede antwurd is C: politisy
De útlis by dit wurd is ienfâldich: oan 'e ein fan in wurd hat it Frysk wol in y, mar nea in i. En de letter c wurdt yn it Frysk allinnich brûkt yn de kombinaasje ch. Is de útspraak s, dan skriuwe wy in s en is de útspraak k, dan skriuwe wy in k. Dus antwurd C.