zaterdag 3 juli 2010

Taalbaas Stavering Antwurd

It goede antwurd is C. literatuer

It u-lûd (Holl. uu-klank) foar de r is in twalûd en wurdt yn it Frysk stavere mei ue (útspraak: ú-uh). Antwurd B is ek al net goed, om’t yn in iepen wurdlid (open lettergreep) gjin y skreaun wurdt. It Frânsk, dêr’t it wurd oan ûntliend wêze sil, hat littérature, mar dy dûbel-t hat it Frysk net (it Hollânsk nammers ek net). Dêrom antwurd C.

Werom nei Taalbaas