zaterdag 22 mei 2010

Taalbaas literatuer - Antwurd

It antwurd is 3. De nacht fan Belse Madam (1991). It sitaat stiet op side 71 fan dat boek. It nuveraardige fan Van der Velde is dat er him net it measte om it offisium bekroadet, ek net wat de stavering oanbelanget. Dat sjogge wy hjir ek yn it wurd ‘popsûgers’: it Fryske wurd foar de Lonicera periclymenum, oftewol de kamperfoelje. Offisjeel wurdt it wurd mei in ‘a’ skreaun: ‘papsûgers’, mar Van der Velde sil it grif útsprutsen (heard) ha, mei de ‘o’, lykas yn it wurdsje ‘lot’

Werom nei taalbaas