zaterdag 1 mei 2010

Antwurd Taalbaas

It goede antwurd is B. ieu

De kombinaasje iu moat altyd mei in w derefter. De fêste kombinaasje iuw hawwe wy b.g. yn skriuw, bliuw, liuw en miuw. Dy lêste wurdsjes meie ek skreaun wurde as lieu en mieu. It meartal dêrfan is dan lieuwen en mieuwen. De w is dêr in tuskenletter. Sa is it ek mei ieu/ieuwen. Itselde jildt foar Sieu/Sieuwen (Holl. Zeeuw/Zeeuwen). Dus dêrom antwurd B.

werom nei Taalbaas