It goede antwurd is C. (hûnderttûzen)
De lêste letter fan hûndert (100) is in t, want it meartal is hûnderten, en tûzen begjint mei in t. Dêrfandinne twa t’s yn ’e midden fan dit wurd. Oan ’e ein fan tûzen sprekke in soad minsken in t út, of in d (“tûzenden”), mar dat sil Hollânske ynfloed wêze. De lêste letter is in n (meartal tûzenen).
Klik hjir om werom te gean nei Taalbaas
zaterdag 25 juli 2009
dinsdag 21 juli 2009
Antwurd Taalbaas Literatuer
It goede antwurd is A.
Sjoerd Spanninga (pseudonym fan de dichter Jan Dijkstra, * De Jouwer 1906 - † Schagen, 1985). De rigels komme út it gedicht ‘De reade ierde’, dat de dichter publisearre yn de bondel Núnders (1950). Yn 1992 ferskynden de Samle fersen fan Sjoerd Spanninga en yn 2007 kaam in karlêzing fan syn fersen mei oersettingen yn it Hollânsk út ûnder de titel Indian summer. Mear oer Sjoerd Spanninga: sjoch ûnder de S by Fryske skriuwers op it webstee www.tresoar.nl.
Werom nei Taalbaas

maandag 13 juli 2009
Antwurd Taalbaas Stavering
It goede antwurd is A. allegearre
Allegearre komt fan gear (it Hollânsk hie de foarm gader: bijeen, samen). De twaklank yn gear is deselde as dy yn hear of bear (Hollânsk heer en beer). Om’t njonken allegearre fanâlds de foarm gear foarkomt, wurdt de skriuwwize mei ea oanholden. Mar de oergong fan it delgeande twalûd ea nei it opgeande twalûd jè wurdt oanjûn troch it ferdûbeljen fan de letter r. Dat is yn antwurd C dus ferkeard.
Djerre komt net fan de foarm dear (is alteast net oerlevere) en dêrom bestiet dearreblom net en moat it djerreblom (dotterbloem) wêze.