maandag 13 juli 2009

Antwurd Taalbaas Stavering

It goede antwurd is A. allegearre
Allegearre komt fan gear (it Hollânsk hie de foarm gader: bijeen, samen). De twaklank yn gear is deselde as dy yn hear of bear (Hollânsk heer en beer). Om’t njonken allegearre fanâlds de foarm gear foarkomt, wurdt de skriuwwize mei ea oanholden. Mar de oergong fan it delgeande twalûd ea nei it opgeande twalûd jè wurdt oanjûn troch it ferdûbeljen fan de letter r. Dat is yn antwurd C dus ferkeard.
Djerre komt net fan de foarm dear (is alteast net oerlevere) en dêrom bestiet dearreblom net en moat it djerreblom (dotterbloem) wêze.

Werom nei Taalbaas