It antwurd is B, Froukje Annema. It fragmint komt út it boek Maleur yn Maaie (Drachten / Ljouwert, Friese Pers Boekerij bv, 1990, side 93). Froukje Annema (1941-1998) wist mei har boeken in soad lêzers te berikken. Yn har karriêre as skriuwster ûntjoech hja har ta in alsidich auteur, dy’t nêst romans en toaniel ek sjoernalistike bydragen skreau. Har meast ferneamde boek is de roman Sûnder garânsje (1992) oer in frou by wa’t boarstkanker fêststeld wurdt.
Mear oer har op www.tresoar.nl > Fryske skriuwers > Fryske skriuwers > Annema, Froukje
zaterdag 23 januari 2010
zaterdag 2 januari 2010
Antwurd Taalbaas Stavering
It goede antwurd is B.
lokkich nijjier
Yn antwurd A stiet nei en dat is yn it Hollânsk na of naar, mar der wurdt nieuw bedoeld en dat is yn it Frysk nij. De útspraak fan ei is ek oars; dy leit tichter by ai. Dêrom kinne allinnich B of C goed wêze. Om’t nij in j oan ’e ein hat en jier mei in j begjint, krije wy yn nijjier twa j’s efterinoar. Hoewol’t it yn de útspraak net te hearren is, moatte dy twa j’s al skreaun wurde.