It goede antwurd is A., gebieten
Dit wurd sprekke wy út mei in (ôfgeand) twalûd [i-uh] en wurdt dus skreaun mei ie.
Yn it Frysk is it meartal (meervoud) gebieten en dêrom hat it inkeltal (enkelvoud) in t oan ’e ein: gebiet. Mooglikheid C jout wer hoe’t it yn it Hollânsk útsprutsen wurdt. Der moat al by sein wurde dat de útspraak fan de begjinletter yn it Hollânsk net gelyk is oan dy yn it Frysk. Wy sizze de g fan garçon.
Werom nei Taalbaas
zaterdag 24 oktober 2009
zaterdag 17 oktober 2009
Antwurd Taalbaas Literatuer
Antwurd
It antwurd is B, Froukje Annema. It fragmint komt út it boek Maleur yn Maaie (Drachten / Ljouwert, Friese Pers Boekerij bv, 1990, side 93). Froukje Annema (1941-1998) wist mei har boeken in soad lêzers te berikken. Yn har karriêre as skriuwster ûntjoech hja har ta in alsidich auteur, dy’t nêst romans en toaniel ek sjoernalistike bydragen skreau. Har meast ferneamde boek is de roman Sûnder garânsje (1992) oer in frou by wa’t boarstkanker fêststeld wurdt.
Klik hjir foar mear oer Froukje Annema

zaterdag 10 oktober 2009
Antwurd Taalbaas Stavering
It goede antwurd is A.
(hjerstmoanne)
Yn hjerst wurde de h en de r net útsprutsen. It soe ek net tafalle om dy h op dat plak út te sprekken. Dat soe wol kinne, mar dan kin de j hast net mear útsprutsen wurde en ferdwynt er; soe dus in stomme letter wurde. Dy letters kamen yn foargongers fan it wurd ek al foar en binne der net út helle. Yn moanne stiet dûbel-n om de brekking oan te jaan.